AquaZoo Fryslân fynst oan it Fryske wetter en mei de grutte dierekolleksje belibbest letterlik en figuerlik in spetterjende dei fuort yn Noard-Nederlân. Stean noas oan noas mei de seehûnen, belibje de seebeareshow en kuierje oer it strân mei pinguins; unike mominten dy’tst net gau ferjitte silst!
By de Seehûnesafary stapst mei de dierefersoarger op in trekskûte om de seehûnen te observearjen. Miskien meisto se ek wol in fiskje fuorje. En wa’t noch nea reuze-otters sjoen hat, moat seker ris op besite komme. AquaZoo Fryslân is nammentlik de iennichste yn Nederlân!
Yntree | |
Bern fan 0 oant 2 jier Deikaart (fan 3 jier ôf) Online tickets (fan 3 jier ôf) Jierkaart (fan 3 jier ôf) Parkeare | Fergees € 16,50 € 14,50 € 37,50 € 3,00 |
AquaZoo Fryslân is it hiele jier fan 10.00 oere ôf iepen.
Jannewaris Febrewaris Maart April Maaie Juny July Augustus Septimber Oktober Novimber Desimber | 10.00 – 16.00 oere 10.00 – 16.00 oere 10.00 – 17.00 oere 10.00 – 17.00 oere 10.00 – 18.00 oere 10.00 – 18.00 oere 10.00 – 18.00 oere 10.00 – 18.00 oere 10.00 – 18.00 oere 10.00 – 17.00 oere 10.00 – 16.00 oere 10.00 – 16.00 oere |
AquaZoo Fryslân
De Griene Stjer 2
8926 XE Ljouwert
Tel: +31 (0)511-431214
E-mail: info@aquazoofriesland.nl
– Der is parkearmooglikheid op it park.
– In rolstoel is oan te freegjen, graach yn ’t foar reservearje.
– Hûsdieren hawwe gjin tagong.